WINSUM.NU

« Terug naar overzicht

Spulwike Littens 2014

Goeie goeie goeie!

Dit jier fynt Spulwike Littens plak yn it doarp WINSUM! Foar dizze gelegenheid is WINSUM feroare yn BISTUM. Folslein yn it tema fan Bisteboel! Fan moandei oan te mei tongersdei mei ALLES!!! We gean tinten bouwe, spultsjes dwaan, ferskes sjonge en lekker gek dwaan! En foaral op de twadde dei, de tiisdeis, wurde we lekker smoarch mei de SURVIVAL!! We pakke alle drek sleatsjes en fearten yn Winsum mei!
Op de leste dei, de tongersdeis, gean we ek wer allerhande spultsjes dwaan op it fjild en yn it doarp Winsum. Ek is dan ús foksejacht! Wat soen d’r dit jier wer foar moaie foksen te sjen wêze?

We gean fierder ek wer lekker mei syn allen pankoek ite en dernei in ferfgefjocht halden!!! Ta it eintsje beslût ha we dan nog de optocht troch it doarp!

Wy ha al hjeard fan ús mikrofoanminsken dat se wat swierrichheden ha mei aap Bokito, dit hiele ferhaal sille we wol hjeare tiidens de Spulwike. Wy binne benijd!!! At jimme dat ek binne, dan sjoche wy jim wol op it fjild ferskine.

Al it publyk is wolkom op moandei, tiisdei of tongersdei op it keatsfjild yn Winsum. Op woansdei bin we efkes net thus, dan binne we op swimles yn Wommels!

Wy ha dr sin oan yn Winsum!! HOLLE BOLLE TSJING!!!





MEDEDELINGEN

SOCIALE MEDIA

Binnenkort meer...

COLOFON

Deze website is opgezet door Dorpsbelang en de Algemene Ondernemersvereniging Winsum in samenwerking met de NijsDok. De informatie op de site wordt zo vaak mogelijk aangevuld of aangepast.

CONTACT

Winsum.frl

info@winsum.frl