Bring-it!

BRING-IT
Fryske Singer-Songwriter en oankommende kabaretier Festival!
Teater “Griene Sjippe” is in kabaret selskip, mei flitsende, aktuele , humorfolle teksten en lieten foar jong en âld. Ynhâld fan de foarstellingen geane meastal oer it handeljen acktuele saken, , folksaardige typearringen fan de minsken en har verlangens dy’t ôfspylje yn harren omjowing.Werkenbere situaasjes en sketsen,lieten , wêr’t yn it publyk harren sels yn de spegel werom sjocht.
Jonge talint folle spilers wurde begelied troch âldere spilers dy’t harren wier makke hawwe yn it amateurtoaniel /muzyk en dy’t yn it sâlt bebiten binne en dat allegearre ûnderlieding fan in oantal entûsjaste bestjoersleden en fakminsken.”Griene Sjippe “is al 14 jier aktyf dwaande mei kabaret en muzyk! Ek bûten fryslân wurdt “Griene Sjippe” tige posityf ûntfongen!”. “Griene Sjippe”soarget foar jo, else kear op’e nij wer foar nijsgjirrige, ferassende foarstelling. In ferskaad oan spilers hawwe in opstap krigen by “Griene Sjippe en harren wei fûn op it mêd fan muzyk en teater. Teater Kollektief pakt de saken tige serieus oan en neat is harren te te gek.
Op dit momint is “Griene Sjippe” drok dwaande mei de tarieding fan in nij program:“Fryske Singer-songwriter”, festival ( Dialekten) en dat tagelyk mei oankommende kabaretiers . Dit alles makket kabaret selskip “Griene Sjippe’ wer tige nijsgjirrig. Muzyk en kabaretiers tegearre op ien podium , moaier kin it net!.En dit alles ûnder in bekinde talintfolle sjeury , dy’t harren wier makke hawwe yn Fryslân en dêr bûten !
Sjoch foar mear ynformaasje op: www.griene sjippe.nl
Wy soene it tige op priis stelle,as jimme hjir oandacht oan besteegje wolle.
Alfêst tige tank hjir foar!
Mei in freonlike groet,
Teater Kollektief : “Griene Sjippe”