WINSUM.NU

« Terug naar overzicht

Stim yn de twadde omloop op 'e geef Frysk stavere Waadhoeke!


Parseberjocht           
 
 
Stim yn de twadde omloop op ‘e geef Frysk stavere Waadhoeke!
 
 
De ferkiezing fan de namme foar de fúzjegemeente yn Noardwest-Fryslân kriget in twadde omloop. De kar is no tusken Waadhoeke en Nij-Westergo.
 
Om’t der in soad krityk op de wurknamme Westergo wie, hat ús wurkgroep al betiid socht nei nammen dy’t èn foar it Biltsk èn foar it Frysk te brûken binne. It slagge ús sels om in namme te finen dy’t dêrnjonken ek oan de Nederlânske stavering foldocht. Sa hawwe wy ûnder oaren de namme Nij Westergoa – dus mei de Biltsk-Fryske ‘a’ en neffens it Biltsk sûnder streekje – útset yn dy krite.  En de Bilkerts witte, dat wy ús al jierren ynspanne foar Biltskeigen nammen. Mar wy dogge gjin konsesjes oan ‘e stavering.

De kommisje-Looper hat besletten de stavering fan Nij Westergoa te skeinen troch dy ‘a’ derôf te heljen. De útgong op ‘o’ komt ek wolris yn boarnen foar  en om’t Nederlanners dy better útsprekke kinne soene, wurdt gau de Akademy stavering oan ‘e kant reage. Rju achte kommisje; fan de namme fan it doarpke Feinsum komme der yn ‘e boarnen wol alve ferskate skriuwwizen foar. Dat wy sille hjir koart krieme. Dy namme Nij-Westergo fan de kommisje foldocht net oan it Biltsk, net oan it Nederlânsk en net oan de offisjeel fêststelde stavering troch Provinsjale Steaten, dy’t achte wurdt brûkt te wurden troch de oerheids-organen lykas in gemeente. Wy hawwe it oer in gemeentenamme foar miskien wol fjirtich of fyftich jier en net oer dy fan in jochertdrankje. 
 
Wy roppe de ynwenners fan Noardwest-Fryslân dêrom op om op ‘e geef Frysk stavere Waadhoeke te stimmen.
 
 
22 oktober 2015
 
Topografyske Wurkgroep Fryslân
 
 
Dit parseberjocht graach safolle as mooglik diele mei freonen, kunde, buorlju ensfh. Fragen kinne jo stellen oer it e-adres: towufry@knid.nl 
 





MEDEDELINGEN

SOCIALE MEDIA

Binnenkort meer...

COLOFON

Deze website is opgezet door Dorpsbelang en de Algemene Ondernemersvereniging Winsum in samenwerking met de NijsDok. De informatie op de site wordt zo vaak mogelijk aangevuld of aangepast.

CONTACT

Winsum.frl

info@winsum.frl