Nieuwjaarsreceptie
Nijjiersreceptie 2014.
Sneontejûn 4 jannewaris wie er gelegenheid om elkoar te moetsjen yn de Helling,om der in oar lokkich nijjier te winskjen.
Dizze jûn wiene ek de Blierbekjes ùtnoege om foar ùs in pear optredens te fersoargjen.
Lieneke van der Kwaak hie in wolkomswurd mei op it ein in gedicht fan Toon Hermans.
De iisclub fan Winsum hawwe dit jier in jubileum fan 150 jier en woene op dizze jûn graach in startpunt meitsje.
Dit brochten se yn de foarm fan in sketske en it oankondigjen fan ferkillende aktifiteiten ferspraad oer it jubileumjier.
Ek waar der trakteerd op in sûkerbol,die it hiele jier besteld wurde kin bij de bakker.
Fierder koene we noch sjonge mei de Blierbekjes.Letter op`e jûn wie er noch in hapke en in drankje.
Minsken,fijn dat jim der wiene en bedankt foar de ûndersteuning die wij krigen,sa dat it mogelijk is dizze jûn te organiseren.
Namens de kommisje.


