WINSUM.NU

« Terug naar overzicht

Allard Bokma Winsumer biljertkampioen 2013-2014


Yn de folle taapkeamer fan MFC de Helling is op woansdei 23 april Allard Bokma algehiel kampioen wurden fan de biljertkompetysje oer it seisoen 2013-2014. Allard waard earste fan de ploech dy't sneontemiddeis biljert spilet, Siep van der Let wûn by de woansdeisploech. Yn in senuwslopende striid bleauwn Allard it koelbloedichst, en komt sa in jier lang yn it besit fan de wikseltrofee.

De kampioenswedstryd fûn plak fuortendaliks nei de jiergearkomste fan de Lakenridders, dy't sa as wenstich tige noflik ferrûn. Pieter Hilverda hat plak nommen yn it bestjoer. Hy nimt de sit oer fan Gerard Tuinman, dy't jierrenlang sikretaris west hat. Gerard krige, mei in passend wurdsje fan foarsitter Johannes Boersma, út namme fan de feriening in oantinken as tank foar syn deeglike wurk.



 





MEDEDELINGEN

SOCIALE MEDIA

Binnenkort meer...

COLOFON

Deze website is opgezet door Dorpsbelang en de Algemene Ondernemersvereniging Winsum in samenwerking met de NijsDok. De informatie op de site wordt zo vaak mogelijk aangevuld of aangepast.

CONTACT

Winsum.frl

info@winsum.frl