Koppen mei Spikers!

18-10-2024

Koppen mei Spikers!
Moarnsier en betiid stowe se ús foarby, yn harren buskes.Links of rjochts ynhelje makket harren neat út.....Bakje kofje op it dashboard,peukje yn e’ mûlshoeke en it holtsje noch heal yn’e  sûs hingjend tsjin it autorút op wei nei harren lokaasje.Stoere hurd wurkjende mannen.Mannen mei ien doel: Bouwe,ús Boufakkers! Altyd warber,wy kinne der net sûnder. Op de bou of by in oerenien oan it wurk, mar thús........
By winterwaar,rein of hurde wyn it makket harren ek neat út.Heech op de steigers steane se dan te wrotten.By simmer waar it  boarst bleat en stoer eachjend nei de froulju, mei de boar yn’e oanslach en radio Nl op de eftergrûn.Fol mei humor en grappen. Freeds of troch wike oan in bakt fiskje of kafetaria food. Dat binne de boufakkers!
Hotze Karsten hat in ferskaad oan skriuwers ré fûn om hjirre in pracht fan in produksje oer te skriuwen: De boufakers,mei prachtige wjêrkenbere muzyk en herkenbere teksten en situaasjes.Fol mei humor wêr’t yn it publyk en de bou in wichtich plak yn nimt. Skriuwers binne: Sietse de Vries, Anja Steegstra, Hotze Karsten, Renee Fokkema,Erwin Hendriks en Folkert Sijbrandij. De muzyk stiet ûnder lieding fan: Erwin Hendriks.Jocht& lûd , Marius del Grosso.Rezjy Hotze Karsten
Datums ûnder foar behâld: 18 /19 okt.; 25/26 okt.; 1/2 nov.; útrin 8/9 nov. 2024
Lokaasje: Bouwloads, houthannnel, Piet Boersma, Winsum!
Binnenkoart neier ynformaasje op: www.grienesjippe.nl , FB, ynstragram, webside Boersma Houthannel .

Terug

Welkom

Hartelijk welkom bij dé website van Winsum Frl.

Volg ons ook via sociale media

2024 Welkom bij Winsum.frl
Website en vormgeving: