Fierljep Feriening Winsum eo


It fierljeppen yn Winsum wurdt oanstjoerd troch de Stifting Fierljep Akkommodaasje e.o. dy’t it terrein mei de skânsen en de jeu de boulesbaan beheart en de Fierljep Feriening Winsum e.o. dy’t ljeppende leden hat. Se regelje trainingen, jouwe in protte clinics en organisearje wedstriden en it FK Fierljeppen dat elts jier yn Winsum is.

De jeugd traint op tongersdei yn trije nivo groepen sadat elk op syn/har eigen nivo traine kin. Foar de wedstriidjeugd is der noch in ekstra training op tiisdei.
De âldere ljeppers traine op:
-          Moandei; mear erfaren ljeppers
-          Tiisdei; âldere ynstromers en earste tiid op grutte skâns
-          Freed; alle âldere ljeppers binne wolkom.
Wolst in kear in proeftraining dwaan?
Nim kontakt op mei Esther Langes, estherlanges@hotmail.com, 0630 871 171.


fierljeppenwinsumeo@gmail.com


www.fierljeppenwinsum.frl

Terug

Welkom

Hartelijk welkom bij dé website van Winsum Frl.

Volg ons ook via sociale media

2024 Welkom bij Winsum.frl
Website en vormgeving: